Gedichten

Gedichten jouwe my de kâns emoasjes en waarnimingen yn wurden te fangen en út te byldzjen. Hjir in griemmank út myn “repertoire”.

Yn it ramt fan GEDICHTENDEI 2013 mei it tema Muzyk en op útnoeging fan de Fryske Krite , sille dichters fan it dichterskollektyf Ferswevers út eigen wurk foardrage.
De Ferswevers, lykas Aukje Wijma, Tryntsje van der Veer, Dries Reeder, Henk Veenstra, Hiltsje Jongsma, Yttje Cnossen, Ineke Wolf, Peter Hans van Muizenberg meitsje ferskate soarten fan poëzy yn it Frysk en yn it Hollânsk. De gedichten-presintaasje fynt plak yn ôfwikseling mei de muzyk fan it duo Dets Laif.
De presintaasje wurdt hâlden op freed 8 februwaris om 20.00 oere yn De Rank, Drachten. De tagong is 8 euro.

FERSEN OP ‘E SWEEF: Op tweintich iepenbiere plakken yn Drachten kinne jo takommende twa moanne gedichtekaarten fine. Ek seis gedichtsjes fan myn hân en hert yn ’t Frysk en yn ’t Nederlânsk. De kulturele aksje Sweefgedichten begjint op freed 25 novimber om 15.00 oere by de DRACHTSTER KEI, Burgemeester Wuiteweg 140, 9203 KP Drachten.

In pear Fryske gedichten en lietsjes stean op ús eigen CD “Oeral is Sinne” en op ‘e CD + bundel “Oer it Wetter”. Foar de lêste CD sjoch: www.elikser.nl en bij www.bol.com.

Sykje myn dreamen
Foarby de wjerspegeling
Fan myn lege finsters
Rin my net foarby
Ik wachtsje op dy

YN WETTER FERBÛN
Myn tinzen dûnsje
Oer wetterljochte weagen

Lûd fan eb en floed
(vervolg: Boek en CD “Oer it Wetter)

WETTERKRÊFT
koele kâlde wetterwêzens
skitterje reinbôgeljocht
yn iis, hagel en snie
(vervolg: Boek en CD “Oer it Wetter)

FLOED FAN LEAFDE
Myn wjukken krêftich
Flean ik tsjin ‘e wyn op
Frij, frij joecht it yn my
(vervolg: Boek en CD “Oer it Wetter)

AS IT REINT DRIPPE DE OEZEN
it reint dat it miicht, it poepeazet
it spielt, it stjalpt, it skyteazet
it puozzet, wisket en sûzet
it miggelet en it dûnset
(vervolg: Boek en CD “Oer it Wetter)

HAIKU’S
Djipreade sinne
Brânt op é dyk syn stralen
Yn ljochte streken

In krêftige wyn
Driuwt my foarút op ‘e fyts
Fûgelfrij fleanen

Fûgels kwetterje
Moarnsbetiid myn dreamen út
It wiide lân yn

De wyn waait en draait
De stoarm gûlt in djip langsme
Folút te libjen

Hân yn hân swije
Nea hie ik in oar sa leaf
Frije ferbûnens

Sielsynformaasje
De hurde skiif fan myn hert
Ienfâldige kar

Wie ik in kompjuter
Wat soe ik dan oplade

In stien driuwt my ta
fleanen yn ‘e blaue dream
op eigen fear-krêft

elts momint in kâns
myn wjukken te fielen
draaf rinfûgel flean

triennen kâld en âld
himmelje hert en siel út
sinneklank werkeart

De plant siedet him
Tinzen en dreamen siedzje
Dracht fan goed en kwea

Swiere stille stien
Wjukken yn oerjefte
In swijende wyn

skitterjend ljochtsje
omearme troch hurde stien
wjerklank fan stjerren

Goudgiele trillings
Toverje wūndere hjerst
Seizoenen strielje
Blêdsjes dûnsje yn ‘e wyn
sjonge lietsjes fan leafde

Fuotstap yn plassen
It spegelbyld ribbelet
Glimkjend myn gesicht

Wyld striemjende rein
Tūken dūnsje yn ‘e wyn
De kachel snoarret

Kersen ferljochtsje
It tsjuster mei sêfte glâns
Ferbûn mei inoar

Oranjereade
Septimbersinne groetet
It skip oan ‘e kym

DESCENDING SOUL
Dear MotherFather of the universe
give me the body and the talents
of a pure wild woman
to realize the dream of earth
give me a big enough ego
to stand for what I believe in
in a world where people
need love and understanding
of their true nature
though seem sometimes so far away
from remembering their spirit
(vervolg: http://www.sondra.net/al/vol8/84DescendingSoul.htm)

FOLLOW THE VOICE

Follow the voice of your soul
the timeles timing
of the universe
calling you to be

Follow the voice of your heart
embracing innocence
with open arms
despite some difficulty
(vervolg: http://www.sondra.net/al/vol9/93FollowVoice.htm)