Blog Era

Ik loop wat achter met de vertaling in het Fries. Graag nog even bij Nederlands kijken als u geïnteresseerd bent.
12 oktober 2016 Presintaasjedei Keunstwurk yn De Skâns De Gordyk
In heerlike dei mei in protte bekende muzykfreonen. Wat hingjen bliuwt is dochs dat minsken dy ’t muzyk ynhiere wolle, geane foar bekende nammen. Persoanlike benadering wurket for ús dochs it beste.
Op ús stand koest harkje nei ús muzyk, de powerpoint sjen mei ús muzikale paad fan eartiids nei no. Resinsjes leze, de poster besjen, mar it petear is it meast wichtich en ek as ’t herkend wurdst.
De twifel fan: helje wy wol wat aardichs yn hûs. Sels witte wy fan wol . . .(grapke). In âld idee is om dy minsken by in gratis foarstelling mei ús yn ‘e kunde te bringen. En ús dochs wat minder beskieden ús sjen litte. Miskien mei koarten mar ris in tsjerkje ôfhiere op eigen kosten.

11 oktober 2016 Optreden Henry Dunant schip
Hertferwaarmjend optreden justerjûn op de Henry Dunant. Leave petearen mei de minsken dêr. Foaral te gek dat by ús lêste trije nûmers eltsenien op de dûnsflier kaam en echt út syn dak gie op it ritme fan ús muzyk. Rolstuollen, rollators, frijwilligers, mantelsoargers, alles en eltsenien die mei.
Inkeld mar tinwhistle en gitaar. Geweldich, wat in jûn! Nûmers: Kaap’ren Varen, Iseland, Zeven Dagen Lang en Garrenkwak.

10 oktober 2016 – Henry Dunant
Fraach: Kinne wy moantejûn (tiisdei) in jûnfoljend programma bringe foar de minsken op it Hewnri Dunant skip dat dan yn Harns ôfmeard leit? Wat aardich! En ja, wy kinne.

1-9 oktober 2016 Materiaal by elkoar sykje foar presintaasje Keustwurk
Wat kinne wy minsken biede? Hoe kinne wy ússels it beste presintearje? 10 minuten om in optreden te dwaan. Trije ferkoarte lietsjes út trije programma’s. In prachtige sfearpostermei foto’s út de hast 15 jier dat wy no tegearre spylje as Dets Laif. Resinsjes mei oersettings ôfdrukke litte.
Nije visitekaartsjes, struibrieven. It wurdt allegear tige moai.

3 septimber 2016 – Willedei
Wat in gesellich festival; Willedei yn Wynjewâld. Leuke spylplakken mei romte foar alle soarten muzyk. De echte bands op in poppoadium, de wat lytsere muzykgroepen en artysten op in noflik plakje, stuoltsjes derby sadat it publyk mar harkje kin. Hjir en dêr kin it lûd wat better regele wurde, mar de wil is der en de gesellichheit stiet foarop. Foaral yn de koepel wie it lûd goed ôfsteld. Aardich om trije famkes te sjen dy ’t meisjonge en bewege by guon fan ús nûmers.
Us liet Ameland drage wy op oan in pear manlju dy ‘t fan dat eilân komme; se gean der efkes goed foar sitten. It lûd fan de djembé by Baggerzooi wurket ek goed. Der is altyd wat zapp-publyk by ditsoarte festivals, mar bytiden bleaue de minsken wol in skoftsje harkjen en dan binne dy stuoltsjes wol útnoegjend. Freonlike en gastfrije minsken fan de organisaasje.
Tip foar ússels: oare kear in karke mei nimme om alle ynstruminten mei te tôgjen fan de iene lokaasje nei de oare.
Al mei al in tige slagge festival

augustus 2016 – tariedings Willedei a.s. zaterdag
No ris wat oare nûmers dan op ús CD Oeral is sinne. 35 minuten. Wat is it muoilik om in kar te meitsjen en moaie nûmers fan ús CD falle te litte moatten. No ris tiid foar oare nûmers út ús brede repertoire. Wol allegear sels skreaun en ek hiel fijn om ter spyljen. De tiid is altyd te koart foar wat wy spylje wolle.
Yn ‘e krapte skûlet de master. Skriuwen is skrappen, betink ik dan mar. It wurdt wer in leuk, ôfwikseljend programma. Frysk yn de beslettenheid fan it museum en ús Nederlânsk-talich programma “Al;tijd Wad” buten yn ‘e Koepel. Dizze wike alles noch efkes trochspylje en de puntsjes op de “i” sette. It bliuwt in geweldich proses ek al is it klear. Moai dat de technyk oanwêzich is, dat besparret in bulte getôch.

Juny 2016 – Nije lietsjes Wad’n CeeDee
Noch twa nije lietsjes. Akke Brouwer fan it Hûs van de Dichter hat ús oanbefelle op Amelân mei ús Waadsee-programma “Altijd Wad”. Tsja . . . Dan moat der fansels wol in spesjaal liet oer Amelân komme. Yn ‘e auto hie ik de kearsang betocht en Henk hat der letter koepletten by makke. Echt leuk. It Liet “Baggerzooi” komt ek op ’s CD. Skitterend bluesnûmer. Te gek as ik dêr bas by spylje kin by optredens. Foar de CD mei Henk it sels dwaan. Sa wreidzje wy mei elke nije oanfraach ús repertoire út. Hiel ynspirearjend

22 maaie 2016 – Optreden Hûs fan de Dichter.
In hertferwaarmjend optreden yn it Hûs fan de Dichter Akke Brouwer. Dizze kear yn in tinte. It Frysk-Iersk-Nederlânsk wurke pûrbêst.. Wy krigen noch in aardich komplimentsje fan de Ierske dichters dat de opbou en ôfwikseling sa goed wiene. Dêr giet ek altyd in protte tiid yn sitten. Moai dus dat dit sjoen waard.
Ek goede kontakten mei de Fryske dichters. It Ierske programma wie hiel moai om te dwaan, mar wy dogge dochs leafst ús selsskreaune programma’s.

21 maaie – Optreden Willem Barentsz werf yn Harns.
Heerlik optreden op de Willem Barentsz werf yn Harns foar de sponsors de Willem Barentsz Stichting. Wat klonk it geweldich yn de grutte loads, dêr ’t mear aktiviteiten wiene, lykas de potvis, âld-Hollânske spultsjes, hoe ’t knibbels foar it skip makke wurde, mei nammeynskripsjes, Entoesjast publyk! It wie foar ús in fingeroefening foar in grutter optreden yn ‘e kommende tiid. Hiel leersum om te erfaren hoe it is om gear te wurkjen mei ferhaleferteller Karel Jan Elsdijk.

5 maaie 2016 – Programma May the road rise to meet you klear foar Hûs fan de Dichter.
Alles trochspile, benammen field as de folchoarder wol kloppet (Frysk/Iersk/Nederlânsk) en it kloppet.
Utgongspunt: Fryslân, Nederlân en Ierlân: wat bynt ús? Folksferhalen, mystiek, poëzy, leafde, de see? Wer in hearlik programma en it is hurd wurkjen om de Ierske nûmers út ‘e holle te learen. Wy ha noch twa wiken de tiid. De arranzjeminten binne no klear. Wy ha der in protte sin yn.

3 maaie 2016- In part fan it WaddenCD-repertoire ha wy spile op in 50 jierrige brulloft.
Dat wie echt te gek. Geandewei fine wy mear mooglikheden om ynteraksje mei de seal te hawwen. En dat wurke goed. Guon minsken fregen al nei de CD. Mar dy moat noch makke wurde. Wierskynlik yn it neijier, dus noch efkes geduld.Wy wolle der wol wat moais fan meitsje.
Der komme 10 nûmers op en in bonus-track, dat stiet al fêst.

24 april 2016 – ynkoarten Frysk mei in snúfke Iersk
22 maaie joue wy by Akke Brouwer, It Hûs fan de Dichter yn Hantum, in lunchkonsert. Frysk mei in snúfke Iersk. Wy hâlde beide fan Ierlân en Ierske muzyk en wolle dit ek yn ús repertoire ta uting bringe. In dream fan my om ea in prachtich Iersk liet te sjongen no wier meitsje.

22 april 2016- jûnfoljend Frysk
Justerjûn ha wy spile foar Vrouwen van Nu yn Marssum. Wat in fijne grutte groep froulju.
De sfear siet der – ek sûnder ús haha – mei-ien al goed yn. Twa kear 45 minuten ús Fryske repertoire. Hearlik om dat wer heare te litten.
Fijne reaksjes nei ôfrin en ek hearlik om in bijdrage leverje te kinnen oan de feestlike ôfsluting fan in ferieningsjier. Mei in waarm gefoel, in kreas blomstik en in fles biologyske wyn setten wy wer op hûs oan.

19 april 2016 – middeisfoljend Nederlânsk, premjère ALTIJD WAD
Im middeisfoljend Nederlânsk talich programma.
Ek noch de premjère fan ús nije programma `Altijd Wad` mei lietsjes oer it Waad, it silen, droechfalle, leafde, drank en froulju. It waar goed oppakt troch de froulju en wy hiene goed kontakt. It optreden waard kreas en poëtysk ferwurde troch in resinsje yn de Harlinger Courant ) sjoch by resinsjes).
Wat in feest nei it hurde wurkjen om alles út ´e holle te spyljen, mar it is wol de muoite fan de ynspanning wurdich. `Altijd Wad`.

18 april 2016
De Nederlânske programma´s ALTIJD WAD en VOLKSVERMAAK sitte der no goed yn. Wy ha der sin yn om moarn yn Harns by de NVVH-froulju Netwerk Harlingen yn St.Hubertus hjir mei op te treden. Bernsbern út Frankryk ) -5 en 7 jier-wiene hjir by ús útfanhûs en hawwe mei oefene en koene sa de refreintsjes mei sjonge. Prachtich! Mei ien ek it Fryske programma OERAL IS SINNE nochris trochnommen foar `Marssum`. Klinkt wer tige eigen.

3 april 2016
Alle 20 nûmers fan ús Fryske programma trochnommen. De folchoarder fan de twa blokjes fan 45 minuten is no hielendal nei ús sin. Elts optreden freget dochs wat oars. Sa bysûnder hoe dat wurket. Sankjes genôch, maar jo kinne net samar de lietsjes efter inoar plakke. Der moat in ferhaal yn sitte en in soarte fan logyske folchoarder. Dan ek noch ôfwikseljend mei alle ynstruminten en oandacht foar de dynamiek. Klear. Tige bliid dat it wer slagge is.

27 maart 2016
Ús earste try-out fan it nije programma “Altijd Wad” yn ‘e húskeamer fan freonen. Se wiene super entûsiast en hiene ek nog wat tips foar ús. Ûntroering en folút nocht en wille! Sa geweldich dat it kloppet wat wy sels ek al fiele. Sawat alles út ‘e holle no. Noch in wike trochoefenje en dan de rest fan ús bekende programma wer trochnimme.
19 april in optreden fan 2 oeren Nederlânsk.
21 april in optreden fan 2 oeren Frysk.
Wy sjogge der nei út.

14 maart 2016
Tja… in blog freget oandacht. Long time not seen. Hjoed in trochstart. Op it stuit binne wy drok dwaande mei in nij Nederlânsk selsskreaun programma. Waadsee, waadleafde en waadsile. In passy fan ús beide dy’t wy no foarm jouwe yn in prachtich programma (fine wy sels). Hjiryn ferwurkje wy ek twa nûmmers fan Fred Piek, fansels mei syn tastemming. Dat makket it kompleet. De arranzjeminten binne klear, no noch in soad oefenje om alles út ‘e holle te learen en mei ús hert te sjongen. Wy binne der sels tige entûsjast oer, dus dat oefenjen is gjin “crime” :>.

14 septimber 2013 – Folk Festival in de Wâlden
Wat in sfeer! Yntym festival, oandachtich en enthûsjast publyk, prachtige lokaasje. Wy mochten om 15.00 oere ús frysktalige programma hearre en sjen litte. Genoaten.
Om 17.00 oere nochris bûten yn ‘e party-tent yn de streamende rein in kar út ús Nederlânske folkrepertoire. Wy hawwe der altiid wer nocht oan om dat ek te dwaan. Dat wie ek sichtber yn it publyk. Fierders genoaten fan Linde Nijland en oare muzikanten.

“Alles is ynspiraasje”.
De titel fan it programma dat wy spesjaal foar ’t Houten Himeltsje yn Nij Beets makke ha. Hoe kamen wy op dizze titel? Henk fynt syn ynspiraasje yn de muzyk (Siksties) en it lêzen fan boeken en ik mear fanút de fraach: alles mei inoar ferbûn, mar hoe sit it dan yn elkoar?Hoe dy tegearre bringe?
Wy bin begûn mei hokker lietsjes in ynspiraasje foarmje foar Henk en dêr tuskentroch ha wy gedichten en ferhalen flochten, dy’t ús ynspirearre.
It wie in wei fan trochsetten, loslitten, skrassen en opnij foarmjen, wat in hiel nij ferrassend programma opsmiten hat. Wy fine it hiel spannend om te dwaan.
Nei it skoft litte wy lietsjes en gedichten hearre fan ús CD “Oeral is Sinne”.


28 maaie 2012

Mei Tine en Arend nei de Meniste Tsjerke yn Terherne west. 17 juni dogge wy der in optreden: 45 minuten Frysk (selsskreaun) en 30 minuten Nederlânsk repertoire. In prachtige tsjerke mei in geweldige akoestyk. Wy hoege allinnich de stimmen wat te fersterkjen. Wy sjogge der nei út. Eltsenien is wolkom.

15 oktober 2011 – Liereliet
Op it Ynternasjonale Festival fan Maritieme Muzyk –Liereliet yn Warkum- hawwe Henk en ik op de sing-alongjûn ús liet “Oer it Wetter” songen.
In hiele seal mei minsken dy’t fan wetter, wyn, skippen en sjongen hâlden. In bysûndere erfaring dat sawat eltsenien de kearsang folút meisong. Dit is filme troch Joop van de Water. Sjoch www.liereliet.nl of http://www.youtube.com/watch?v=VoOxouEfVBs

1 juli 2011 – media rûnom de CD presintaasje

Wilens ha wy in fraachpetear hân mei Gurbe Douwstra yn Radio Froskepôle fan Omrop Fryslân. Oeral is Sinne en Moansbetiid live spile en songen.

Fierder in fraachpetear mei Ubbo Posthuma fan Radio Stad Harlingen thús oan ‘e keukentafel. Nijsgjirrich hoe’t fragen wer oera kanten beljochtsje. It petear yn de Harlinger Courant joech just de sfear wer dy’t wy sa graach bringe wolle.

Ferrassend is de belangstelling fanút it easten fan it lân by radio omroppen streektaal. Streektaal Accent FM: op moandeitejûn 15 augustus binne wy yn de útstjoering. Radio Oost: fraachpetear yn ‘e planning en neffens sizzen binne wy al rigelmjittich draaid.

Arjen Hut fan it Friesch Dagblad sil in resinsje skriuwe. Tresoar hat in eksimplaar opfrege foar it argyf.

It moaie is dat wy op dizze wize de prachtige Fryske taal yn it ljocht sette meie.

22 maaie 2011 CD-presentatie Oeral is Sinne
Wat wie it in geweldich moaie middei yn ‘e Lichtboei yn Harns. Mei de freonlike ûntfangst fan de eigeners, ús freonen Chris en Inge, dy’t foar de technyk en ûndersteuning soargden, begûn de dei al goed.

In folle seal, sfearfolle ferljochting, moaie powerpointbylden en in foaroptreden fan ‘e folksmuzykgroep Overstag fergrutten it ferwachtingsfolle gefoel fan ússels en fan de minsken yn ‘e seal om der in gesellige middei fan te meitsjen.

En dat waard it. Oandwaning, koartswyl, tegearre sjongen. It wie foar ús in geweldich feest om dat alles te dielen mei safolle minsken. Der giet it úteinliks om.

Graach wolle wy eltsenien tank sizze dy’t middels harren komst, email, telefoantsje, geskinken ús presintaasje fan ‘e CD “Oeral is Sinne” ta in ûnferjitlik barren makke ha.

Radio Stad Harlingen sil sneon 28 maaie oandacht skinke oan ‘e CD. Radio Oost Enschede meikoarten ek. It streamt. Ús winsk om mei ús muzyk minske noflike mominten te bieden middels optreden, mar wis ek middels dizze CD wurdt wierheid.
Wy binne der bliid mei.